Moard Curacaostrjitte: 6 jier
In 45-jierrige Ljouwerter hat seis jier selstraf krigen foar it deastekken fan in stedsgenoat yn de Curacaostrjitte yn jannewaris fan dit jier. Der wie acht jier sel easke. De moard barde, doe't it slachtoffer by de fertochte oanbelle en jild easke. Der ûntstie rûzje, wêrby't de fertochte in mes brûkte. It slachtoffer waard rekke ûnder de skouderbonke en is dêrnei deablet.