Anker&Anker helpe himpkweker

Advokatekantoar Anker en Anker helpt de biologyske himpkweker Doede de Jong út Appelskea by in jildsammelaksje foar syn juridyske striid foar de legalisearring fan himp. Donateurs kinne jild stoarte op in rekken fan it kantoar. Dat beheart it jild dat binnenkomt. In soad minsken wolle Doede de Jong helpe, seit syn advokaat Tjalling van der Goot. Fan it jild dat binnenkomt, wurdt ek de dik twa ton betelle dy't De Jong weromjaan moat foar syn 'kriminele winsten', sa't de rjochtbank it neamt.