Spanje lûkt oan Finnbogason

24 jun 2014 - 11:45

Sportklup Hearrenfean spits Alfred Finnbogason stiet yn de belangstelling fan de Spaanske klup Real Sociedad. De ynteresse foar de topskutter fan de Feansters is konkreet seit manager fuotbalsaken Hans Vonk. De petearen mei de nûmer sân fan it ôfrûne seizoen yn de Primera División rinne goed, mar it is ôfwachtsjen oft de beide klups derút komme. Alfred Finnbogason hat witte litten dat er Real Sociedad in moaie klup fynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)