Moardfertochte langer fêst

24 jun 2014 - 11:21

In 26-jierrige Roemeen dy't ien fan fertochten is fan de Tsjûkemarmoard, moat langer fêst sitten bliuwe. Dat hat de rjochtbank tiisdeitemoarn bepaald. De advokaat fan de Roemeen dy't yn april oppakt is, hie frege de man frij te litten. De Roemeen soe allinnich oanwêzich west ha by de moard op Omar Kourrich, ferline jier juny. It slachtoffer is skopt, slein, fêstbûn en dêrnei by de Tsjûkemar yn brân stutsen.

Yn dizze saak sitte neist de Roemeen noch trije manlju fêst. De rjochtsaak sil oer in oantal moannen ynhâldlik behannele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)