Drege gearwurking LC en DvhN

24 jun 2014 - 10:54

De gearwurking tusken de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden ferrint hiel dreech. Dat meldt it fakblêd foar sjoernalisten Villamedia op syn webside. Beide kranten wurkje no njoggen moanne gear yn ien redaksje. Der binne noch wol twa haadredakteuren. Ien en oar soarget foar ûndúdlikheid ûnder de sjoernalisten. Benammen sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante soene wer mear selsstannichheid ha wolle.

Tiisdei is der in mienskiplike redaksjegearkomste dêr't praten wurdt oer de gearwurking.

Lês it folsleine artikel op de webside fan Villamedia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)