Burgumer berôve fan mobyl

In jonge fan 15 jier út Burgum is moandeitejûn yn de Lauermanstrjitte yn syn wenplak berôve fan syn tillefoan en jild. It slachtoffer wie foar de WK-wedstriid fan Oranje mei in pear freonen nei buertsintrum Kiehool gien. Doe't er wer nei hûs fytste, kaam in ûnbekend persoan him yn 'e mjitte. Dy drige de Burgumer yn elkoar te slaan as er syn guod net ôfjaan soe. De dieder naaide úteinlik út mei de mobile tillefoan en de ynhâld fan de beurs fan de jonge. De plysje is op syk nei de dieder.