'Beslút Europaplein útstelle'

24 jun 2014 - 09:55

De ried fan Ljouwert moat it beslút oer de oanpak fan it Europaplein útstelle. Dat fynt it boargerinisjatyf Takomst Europaplein. Neffens dat inisjatyf is net goed sjoen nei de effekten fan de Heak om Ljouwert op de ferkearsdrokte yn de stêd. De oanpak fan it Europaplein soe dan oerstallich wêze.

Neffens wethâlder Thea Koster fan Ljouwert is dat net it gefal. Neffens har wurdt it drokker en dat sil liede ta lange files en ûnfeilige situaasjes op en om it plein. De ried fan Ljouwert prate moandei oer de takomst fan it plein.

Der wiene in soad fragen oer benammen de ferwachte ferkearsdrokte. Kommende moandei hakt de ried de knoop troch.

Trefwurden: 
Ljouwert Europaplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)