Boek oer keramyk presintearre

23 jun 2014 - 22:01

Fjouwer musea hawwe moandei yn de Princessehof yn Ljouwert in nij boek oer Aziatysk keramyk presintearre. De Princessehof, it Gemeentemuseum yn Den Haach, it Groninger Museum en it Rijksmuseum yn Amsterdam wurkje al sûnt 2002 gear op dat mêd. Se hawwe mei-inoar in webside opset en wikselje stikken foar eksposysjes út.

It nije boek, oer keramyk út Sina en Japan, is ûnderdiel fan de gearwurking. It boek hat de namme 'Chinese and Japanese Procelain for the Dutch Golden Age' meikrigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)