Opknapbeurt diken Westergeast

Wurk oan de dyk © ANP XTRA
De diken yn Westergeast hawwe in opknapbeurt hân. De gemeente hat de ôfrûne tiid goed in heal miljoen euro stutsen yn nij asfalt foar ferskate diken yn it doarp, nije parkearplakken en nije stoepen.
De krusings binne ek better sichtber makke en der binne ferskate dykfersmellings oanlein om it autoferkear ôf te remjen. Dêrmei is de ferkearsfeiligens bot ferbettere, seit de gemeente.