Nêsten ikeprosesjerûp yn DFM

Ikeprosesjerûpen
Yn de gemeente De Fryske Marren binne de ôfrûne wiken 28 nêsten fan de ikeprosesjerûp fûn. De beammen dêr't de rûp yn fûn is, binne mei linten markearre. De nêsten wurde meikoarten opromme. De fynplakken binne Jiskenhuzen, De Jouwer, Langwar, Legemar, Rotstergaast, Sint Nyk, Sondel, Sint Jansgea en Wikel.
De ikeprosesjerûp hat saneamd brânhier. Dat feroarsaket klachten lykas jokte, hûdútslach en irritaasje oan de eagen.