Frachtwein omkypt yn Wolvegea

23 jun 2014 - 16:48
Foto: Twitter, Margreet Bloemhof

In frachtweinkombinaasje is moandeitemiddei kantele op Om den Noort yn Wolvegea. De plysje tinkt dat de kombinaasje omgien is, omdat de sjauffeur mooglik dronken hie en de bocht nei rjocht te skerp naam.

De sjauffeur rekke beknypt en moast troch de brânwacht befrijd wurde, hy is mei in stikkene earm nei it sikehús brocht. Dêr is ek in bloedproef ôfnommen. It rydbewiis fan de sjauffeur is ynnommen.

Trefwurden: 
Wolvegea frachtauto
(advertinsje)
(advertinsje)