Sjauffeurs pakke brânstofdief

jerrycans
Frachtweinsjauffeurs hawwe snein in brânstofdief trappearre oan De Kiel yn Drachten. De fertochte hie al ferskate jerrycans mei brânstof folle. De sjauffeurs hawwe de 44-jierrige man út Drachten oanhâlden en oerdroegen oan de plysje.
Oan De Kiel hat al earder brânstofstellerij west. Dêrom hâlde de sjauffeurs it spul goed yn 'e gaten. De plysje slút mear arrestaasjes net út.