Meldpunt deade bisten

23 jun 2014 - 12:24

In meldpunt foar bisten dy't deade binne yn de natuer moat dúdlik meitsje om hoefolle gefallen oft it giet. Oanlieding foar it meldpunt binne de berjochten oer de ferfolging fan rôffûgels yn Fryslân. De Fryske Miljeu Federaasje hat it inisjatyf naam foar it ynternetmeldpunt. It wurdt stipe troch ûnder oare Steatsboskbehear en de provinsje Fryslân.

It 'Burgermeldpunt Wildlife Crime' gie ôfrûne wykein offisjeel fan start. It adres is: www.wildlifecrime.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)