Jonge skopt en slein
De plysje hat sneintemiddei yn de Skoallestrjitte yn Burgum twa Burgumers fan 16 en 18 jier oanholden foar slaanderij. De twa hiene in 16-jierrige jonge út Feanwâlden samar ynienen skopt en slein. Dêrnei naaiden se út. It slachtoffer belle fuortendaliks 112.
De plysje koe de beide fertochten flak dêrnei oppakke. Op it plysjeburo hawwe se proses-ferbaal krigen.