Auto oer de kop op Ofslútdyk

23 jun 2014 - 11:37

By in ûngelok op de A7 by Breesândyk is sneintemiddei in 23-jierrige frou út Abbekerk ferwûne rekke. Se helle in oare auto yn, rekke mei in tsjil yn de middenberm en ferlear de macht oer it stjoer. Dêrnei sloech se ferskate kearen oer de kop. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok A7 auto Breesândyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)