Blog: Belgyske ûntlading yn it Maracanã

23 jun 2014 - 08:03

Yn in grutte stream fan Belgyske fans, mei dêrtusken in inkele ferdwaalde Rus, rinne we nei it stadion. Net samar in stadion. It mytyske Maracanã-stadion fan Rio de Janeiro. In fuotbaltimpel, dêr’t yn it fiere ferline plak wie foar tusken de 170.000 en 200.000 taskôgers. (De offisjele oantallen ferskille, sadwaande de marzje.) Op dit plak wurdt op 13 july de finale spile fan it WK fuotbal. Mar snein stiet de groepswedstriid tusken België en Ruslân op it programma.

Tegearre mei kollega Heleen, de editor dy’t yn it IBC soarget foar alle tv-montaazjes, ha ik in kaartsje krigen foar de wedstriid. We binne op ‘e tiid ôfsetten, want mei it Braziliaanske ferkear witte je it noait. Sa’n twa oeren foar de ôftraap sit de stimming der by de Belgen al goed yn. In kafee tsjinoer it stadion kleuret read, de Reade Duvels hawwe de saak ‘oernaam’. De Russen binne swier yn de minderheid, mar sa no en dan sjogge we ek in groepke Russyske fans. It rint allegear dwers trochelkoar hinne, en beide kampen wolle mei elkoar op de foto. Dit is dus de echte WK-sfear!

It grutte stadion makket fuortendaliks yndruk, ek al is it noch hast leech. Der kinne tsjintwurdich hast 77.000 minsken yn. Fanwege de feilichheid wurde de oantallen út it ferline net mear helle. Hoe tichteby de ôftraap, hoe mear lawaai der fan de tribunes komt. Mear en mear minsken fine it paad nei har plak en foar’t je it yn de gaten hawwe rinne de spilers it fjild op foar de folkslieten.

De wedstriid sels hat net in protte om ‘e hakken. België is de bettere ploech, krijt ek wol in pear kânskes, mar skoard wurdt der net. As der noch tsien minuten te gean binne, set it Belgyske legioen noch mar ris in ferske yn en alle oare Belgen sjonge mei. It slacht oer op it fjild, de spilers krije moed fan de stipe. In frije traap belânet noch op de peal, mar yn de lêste minút makket Origi de iennige goal fan de wedstriid. De ûntlading is enoarm by de Belgen, dy’t minuten lang steane te hossen en te springen. Se pleatse har foar de achtste finales en dat wurdt fierd. It is skitterend om der by te wêzen.

Nederlân is al in pear dagen wis fan de folgjende ronde, tegearre mei Sily. Hjoed wurdt útmakke wa’t de pûlwinnaar wurdt. Dat is geunstich, om’t je dan in ekstra rêstdei hawwe en boppedat in better skema rjochting de finale krije. In lykspul is genôch foar de ploech fan Louis van Gaal. It sil my benije, want Sily hat in hiele goeie ploech. Mar wat der ek bart, myn earste WK-wedstriid pakke se my net mear ôf. België-Ruslân, 1-0. Sil ik it oer tweintich jier noch witte, lykas ik yn myn earste blog skreauw oer Utrecht-Ajax yn 1994? Ik tink it wol!

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
argyf WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)