Van der Bos wint yn Berltsum

22 jun 2014 - 18:25

Gert-Anne van der Bos, Hendrik Jan van der Velde en Hans Wassenaar hawwe snein de haadklasse keatspartij trochinoar lotsjen yn Berltsum op harren namme skreaun. Yn de finale wienen Van der Bos en-dy mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Dirk-Yde Sjaarda, Marten Feenstra en Daniël Iseger. Gert-Anne van der Bos waard kening.

De lytse preemje wie foar it partoer fan Johan van der Meulen, Kees van der Schoot en Cornelis Terpstra, dy't yn de heale finale mei 5-2 en 6-2 ûnderút gongen tsjin Van der Bos en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)