Poalske speedwayer stoarn

Ambulânse © ANP XTRA
De speedwayrace yn it Belgyske Zolder mei de racers Sjoerd Rozenberg fan Nijeberkeap, Henry van der Steen út Aldebiltsyl en Dirk Fabriek fan Jobbegea is snein stillein fanwege it ferstjerren fan de Poalske speedwaykoereur Grzegorz Knapp. De Poalske koereur gong ûnderút yn syn race en ferstoar op it plak fan it ûngelok. De wedstriid is fuortendaliks stillein.