Oerterp: slagge NK hurdfytsen

Yn Oerterp sjocht de organisaasje fan it NK hurdfytsen werom op in slagge toernoai. Sneon en snein waard by de amateurs manlju en froulju striden om 'e Nederlânske titel. It is de allerearste kear dat sa'n NK yn Fryslân hâlden wurdt.
By de juniorfroulju wûn Anouk Rijff út Brabân de titel, oer in ôfstân fan 62,5 kilometer wie se de rapste. Marjolein van´t Geloof waard twadde foar Chanella Stougje, dy't it brûns pakte.