Aksje ALS smyt soad jild op

© Omrop Fryslân
Ferskate aksjes yn Fryslân foar de spiersykte ALS ha in totaalbedrach fan 64.000 euro opsmiten. Dat is sneon bekend makke op it evenemint "Trap ALS de wereld uit", dat yn Jirnsum hâlden waard. It jild kaam fan sponsoraksjes en feilings.
Hichtepunt wie neffens de organisaasje de sjek fan 21.000 euro fan fuotbalklup VVI. Dy ha it ha it hiele seizoen yn shirts mei it ALS-logo spile, mei as seizoenôfsluting in wedstryd tsjin Lucky Ajax.