Noed oer iisbaan Droegeham

22 jun 2014 - 13:33
Boubedriuw VDM is dwaande mei in trochstart

It CDA yn Achtkarspelen hat noed oer de takomst fan de iisbaan yn Droegeham. De iisbaanferiening Eendracht brûkt de grûn en alles wat der by heart al tsientallen jierren fergees fan eigener boubedriuw VDM. Dat bedriuw sit lykwols yn finansjele need, en de Rabobank hat it behear fan alle grûn fan VDM oernaam, ek dy fan de iisbaan. It CDA makket him soagen omdat de bank de grûn kommende wike noch fan de hân dwaan wol. It doarp soe dêrmei in basisfoarsjenning ferlieze.

It CDA wol no fan it kolleezje witte oft de gemeente in rol spylje kin yn it behâld fan de iisbaan.

Trefwurden: 
CDA Droegeham iisbaan VDM
(advertinsje)
(advertinsje)