Urker wol karavan stelle

Aanst wer karavans en tinten op kemping Ikenhiem © Omrop Fryslân
In dronken ynwenner fan Urk hat sneontejûn besocht in karavan te stellen. Dat wie op in kamping oan de Plattedyk op 'e Lemmer. Tsjûgen seagen dat in man in karavan achter syn auto keppele en fuortried. De eigener gie der mei syn soan achteroan. Fierderop yn it doarp koe de 27-jierrige Urker oanhâlden wurde. Hy wie ûnder ynfloed en hie gjin jildich rydbewiis.