Tefredenheid oer Oerol

De organisaasje fan it Oerolfestival op Skylge sjocht mei tefredenheid werom op de edysje fan dit jier. It hie gjin lêst fan it WK Fuotbal en it waar wie sa goed, dat gjin inkele foarstelling ôflast waard.
Al mei al kamen der mear as 50-tûzen besikers nei Skylge en waarden goed 130-tûzen kaarten ferkocht. De edysje fan dit jier wie ek de edysje wêrby't de musyk ferdwûn fan it Griene Strân, nei it terrein fan Rykswettersteat, de Betonning. Net alle besikers wiene hjiroer te sprekken.
Foar takom jier is it noch ûndúdlik of it hert fan Oerol, de Westerkeyn, noch wol brûkt wurde kin. De eigner fan de grûn wol rekreaasjewenten bouwe op it terrein. De organisaasje wol de kommende jierren mear ynsette op heechweardige teaterfoarstellingen.