Earrebarren hawwe in topjier

It giet goed mei de earrebarre yn Fryslân. Neffens Stichting It Eibertshiem is it sels in topjier. Dat die sneon bliken op de jierlikse ringdei. Yn Earnewâld binne 25 jongen teld. De measte nêsten telle twa jongen, der binne ek in pear mei trije en in inkeld nêst mei ien jong. De twa jongen dy't by it besikerssintrum fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen sitte, binne al sa grut dat de ferwachting is dat se binnen in pear dagen fleane kinne.
Yn Beetstersweach binne sa'n tritich nêsten teld mei goed 70 jongen. Ek yn Tytsjerk is al sprake fan in earrebarrekoloanje.