Man fertocht fan drugshannel

22 jun 2014 - 10:48
Plysjejas - Foto: ANP

By Bakkefean is yn in hoarekasaak tichtby it swimbad sneontenacht in man fan 19 jier út Easterwâlde oanhâlden op fertinking fan drugshannel. De plysje fûn yn syn brommobyl acht pûdsjes mei speed en trije xtc-pillen. De man is ynsletten en de drugs wurde ferneatige.

Trefwurden: 
plysje drugs Bakkefean
(advertinsje)
(advertinsje)