Maraton Snits krijt ferfolch

Takom jier wurdt wer in maraton fan Snits organisearre. Dat hat de organisaasje besletten. De Mar-athon om de Snitsermar hinne is sneon foar it earst hâlden. It wie in grut súkses, sa'n 5.500 minsken ha de tocht kuierjend en dravend ôflein.
Finansjeel koe de maraton fan Snits net út, mar likegoed moat it in jierliks barren wurde, sa seit de organisaasje. Allinnich as de Slachtemaraton organisearre wurdt, ien kear yn de fjouwer jier, docht Snits neat.