Bysûndere mich fûn

© Omrop Fryslân
Op de 1000 soartedei yn it Lauwersmargebiet is yn elk gefal ien nije soart fûn, it giet om in mich dy't de namme "homolocephala" of wol "prachtvlieg" hat. De mich waard fûn yn in deade abeelbeam, en wie oant no ta ûnbekend yn Nederlân. Sa'n tachtich soartesaakkundigen ha sneon de hiele dei op syk west nei nije soarten yn it gebiet. It is in jierliks barren, takom jier sille de biologen op ûndersyk yn Noard-Brabân.
Ek de 'delinata echinata' is ûntdutsen, dat is ek in soart mich.