Thomas Helmholt wint mei PR

22 jun 2014 - 00:57

Fierljepper Thomas Helmholt fan Burgum hat syn twadde oerwinning fan it seizoen te pakken. Yn Gryptsjerk ljepte hy in nij persoanlik rekôr fan 20.60. Yn de finale kaam hy dêrmei fierder as Oane Galama, dy't nei trije sprongen mei 20.47 oan de lieding gie. Bart Helmholt waard tredde mei 20.04.

Age Hulder fan Burgum wie oppermachtich by de junioaren mei in seizoenrekôr (19.75), en by de jonges gie de titel nei Jan Teade Nauta fan Drylts (16.94). De deititel by de froulju wie foar Klaske Nauta fan Drylts mei 14.77, foar Tessa Kramer (14.68).

(advertinsje)
(advertinsje)