Van Zwieten wint yn Moarre

De haadklassepartij yn Moarre-Ljussens is sneon wûn troch Menno van Zwieten, Herman Sprik en Sjoerd de Jong. Yn in spannende einstriid wie it trijetal Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hendrik Kootstra mei 5-5 en 6-4 krekt de baas.
De lytse preemje wie foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Cornelis Terpstra, dy't yn de heale finale mei 5-4 en 6-6 ferlearen fan De Groot-en-dy.