De Jong 3e op NK hurdfytsen

Hurdfytser Jeen de Jong fan Britsum is sneon tredde wurden by it NK hurdfytsen yn Oerterp by de junioaren. Nei 125 kilometer wie Jurjen Varkevisser fan Uden yn in spannende einsprint de rapste fan de trije man sterke kopgroep. It twadde plak wie foar Julius van den Berg út Purmerend.
By de nijelingen jonges gong de winst nei Patrick Coster út Hasselt. Hy wûn de massasprint. By de nijelingen famkes wie Hetty van de Wouw út Kaatsheuvel mei oermacht de bêste yn de massasprint. Nicole Steigenga fan Eksmoarre waard sânde.
By de junioaren wie it spitich dat der yn it ôfsprintende peloton in grutte falpartij wie. Fjouwer hurdfytsers waarden mei ferwûnings ôffierd nei it sikehûs.