Berltsum wint 3e bûnspartij

21 jun 2014 - 17:52

Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma fan Berltsum hawwe sneon foar de tredde op rige kear de bûnspartij foar froulju yn Sint Jabik op har namme skreaun. Yn in spannende finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-6 te sterk foar Iris van der Veen, Maaike Osinga en Manon Scheepstra fan Frjentsjer.

De lytse preemje gong nei Nellie Rypma, Nynke en Wiljo Sijbrandij fan Boazum, dy't ferlearen fan Berltsum. In tredde plak wie der ek foar Nynke Sinnema, Nynke Andringa en Marte Altenburg fan Grou, dy't ferlearen fan Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)