Hearrenfean traint yn De Knipe

21 jun 2014 - 17:12

De earste iepenbiere training fan SC Hearrenfean op 'e sportfjilden fan De Knipe luts sneon in soad folk. De manmachtige oanwezigens is te ferklearjen út it feit dat foar it earst sûnt lange tiid de training wer op in sneon yn plak fan in troch-de-wykse-dei is.

Hearrenfean hat der in tal nije spilers by. Sa is ferdigener Jordy Buijs oerkaam fan NAC. De nije keeper Maarten de Fockert komt út de jeugd fan Feijenoord. Der is ek in talintfolle middenfjilder út Noarwegen oanskaft, Morten Thorsby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)