Willem Spoelhof eare mei paad

21 jun 2014 - 16:20

Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel hat sneontemoarn yn Tsjummearum it nammeboerd fan it Willem Spoelhofpaad ûntbleate. Hy die dat mei de pakesizzers fan Spoelhof. Mei it paad wurdt Spoelhof betocht, dy't begjin dit jier samar ynienen ferstoar.

Spoelhof wie jierrenlang aktyf foar it doarp Tsjummearum, ûnder oare as foarsitter fan doarpsbelang. Hy siet ek foar de VVD yn 'e gemeenterie. It Spoelhofpaad kin brûkt wurde troch fytsers en kuierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)