Brânwacht betinkt kollega's

21 jun 2014 - 15:21

Op it Langste-dei-festival op De Gordyk hat de brânwacht Opsterlân sneon de omkommen kollega's betocht. It giet om in lanlike betinking dy't altyd op 21 juny hâlden wurdt. Om twa oere waard it eareteken jûn, mei dêrnei in minút stilte.

De brânwacht Opsterlân fersoarget ûnder oare in tal demonstraasjes op it festival. Dat duorret noch oant fiif oere.

Trefwurden: 
De Gordyk brânwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)