Blog: Derby wêze dêr’t it bart

It is yn myn eagen it moaiste fan it fak fan in sportsjoernalist: derby wêze dêr’t it bart. Dêrom wie ik ek bliid dat ik freed tegearre mei in kollega nei de training fan it Nederlânsk alvetal mocht. Yn it IBC sitte we ticht by it fjoer, mar echt oan it fjild stean is noch moaier. Lit stean yn it stadion sitte by in WK-wedstriid, mar dat komt daliks…
Nei in rit fan trije kertier (sûnder file, hoe is it mooglik) kamen we by it trainingskompleks fan Flamengo. Dêr hat it Nederlânsk alvetal syn basis op it WK. “Ah, dêr komme se oan”, hearde ik fan immen dy’t faker by de trainings komt. It lûd fan helikopters ferklapte dat de spilersbus yn oantocht wie. De bus giet ûnder strange befeiliging troch de stêd. Der wurdt neat oan it tafal oerlitten.
Eefkes letter stapten se allegearre op it fjild. Robin van Persie, Arjen Robben en alle oaren wiene derby. Ek Bruno Martins Indi en Jordy Clasie, dy’t in dei earder noch ôfwêzich wiene. Dat is nijs yn WK-tiid, dus mei de laptop op de tribune en gau in berjocht nei Hilversum stjoere. In pear tellen letter stie it online, sa hurd kin it gean.
In fêst ûnderdiel yn Studio Brasil, it jûnsprogramma by de NOS, is de top 5. Alle dagen hellet in bekende Nederlanner ien fragmint út dy top 5, en pleatst syn eigen WK-momint dêrfoar werom. Om’t foar it wykein noch nimmen opnaam wie, kaam út Hilversum de fraach oft wy by de training fan Oranje wat regelje koene. Ron Boszhard fan Zappsport stapte der ek om en hy wie ree om mei te wurkjen. Sadwaande mocht ik myn earste tv-interview foar de NOS ôfnimme. It is miskien net grut, mar ik genietsje derfan. (Derby wêze dêr’t it bart.)
Nei de training wie der in parsekonferinsje mei Robin van Persie en Ron Vlaar oer de wedstriid tsjin Sily fan moandei. De measte fragen wiene foar Van Persie. Oer Robben, oer Rooney, oer de útskeakeling fan Ingelân, oer de favela’s yn Rio. Se fregen him it himd fan it gat. En Van Persie naam foar eltsenien de tiid en joech wiidweidich antwurd. Grutte klasse, want in protte oare grutte fuotballers hiene harren der miskien fan ôfmakke. Gau in pear fragen beäntwurdzje en klear. Van Persie net, bysûnder om te sjen.
Al mei al wie it in moaie dei en prachtich om nei alve dagen IBC even yn in oare omjouwing te sjen. Mar de grutste ferrassing moast noch komme: ik mei snein nei België-Ruslân yn it Maracanã-stadion yn Rio. De NOS krijt as hâlder fan de rjochten op tillevyzje sa no en dan ien of twa kaartsjes foar in wedstriid. Dêr moatte je in bytsje lok mei hawwe en dat is it gefal. Ik sjoch dernei út. Derby wêze dêr’t it bart!
Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden