Oerset Mar-athon probleemleas

21 jun 2014 - 13:35

It oersetten fan de kuierders fan de maraton om de Snitsermar hinne is sûnder problemen ferrûn. De kuierders moasten by Broek oer it wetter. Om de grutte tarin oan te kinnen, waarden neist de fêste pont ek oare boatsjes ynset. Tsjin ienen wie de grutste drokte foarby.

De kuierders fan de Mar-aton binne sneontemoarn tusken njoggen en tsien oere begûn oan de tocht. Healwei krije se selskip fan de minsken dy't de heale maraton rinne.Sneontejûn is der ek noch in hurdrinwedstryd oer it trajekt.

De pontsjes by Broek wurde dan ferfongen troch in tydlike brêge. Dat koe net de hiele dei, omdat it tefolle hinder foar de skipfeart opsmite soe.

Trefwurden: 
Snitsermar pont Mar-athon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)