Ierappelsykte betider as oars

21 jun 2014 - 12:21

Ierappelsykte fytoftora stekt folle betider de kop op as oare jierren. Fyftoftora is in skimmel dy de ierappel sa oantaast, dat er net mear brûkt wurde kin. De spoaren fan de skimmel wurde mei de wyn meinaam. Se moatte fuortendaliks bestriden wurde. De skimmel docht it benammen goed nei langere reinperioaden en damp, hjit waar. Hy is tige besmetlik.

Yn Fryslân hearsket wol fytoftera, mar de sykte is ûnder kontrole. Op oare plakken yn Nederlân binne komplete fjilden ierappels net mear te brûken.

Trefwurden: 
fytoftora ierappelsykte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)