Surfe op iisbaan yn Marsum

Surfe op iisbaan yn Marsum © Omrop Fryslân, Afke Meekma
Yn Marsum stiet dizze dagen de iisbaan ûnder wetter. Dat is dien fanwege de fiering fan it 100-jierrich bestean fan de iisklup yn it doarp. Freedtemiddei wiene der aktiviteiten foar bern. Sy koene ûnder oare flotten bouwe. Sneon binne de grutten oan bar. Foar harren binne der allerhanne wetterspultsjes. Tuskentroch kin de iisbaan ûnder oare brûkt wurde foar stand-up-paddling en surfen.
De iisklup hâldt dit jier ferskate aktiviteiten fanwege it jubileum.