Untsmettingskontener brânwacht

21 jun 2014 - 11:37

De brânwacht Fryslân hat in nije kontener yn gebrûk naam. Dêr kinne minsken yn ûntsmet wurde dy't yn oanrekking kaam binne mei gemyske of oare gefaarlike stoffen.

De nije kontener ferfangt in kontener út 1990. Dy wie allinnich bedoeld foar it ûntsmetten fan brânwachtminsken. Yn de nije kontener kinne op syn meast ek tsien boargers behannele wurde. De kontener is troch de Fryske brânwacht sels boud. De blusgroep fan Stiens hat it behear dêroer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)