Roemenen oppakt op 'e Jouwer

21 jun 2014 - 11:23

De plysje hat freedtemiddei op 'e Jouwer fjouwer Roemenen oanhâlden. De Easteuropeanen, twa manlju fan 21 en 23 en twa froulju fan 25 en 27, wurde fertocht fan stellerij út in kleanwinkel oan de Midstrjitte. It gie om twa broeken.

In plysje kaam de fertochten op it spoar en hat se oanhâlden. De winkeleigener hat oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
De Jouwer winkelstellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)