Heroïne út ridende auto smiten

Drugs © Omrop Fryslân
Yn in wenning oan de Klokhúsleane yn Drachten binne freedtejûn twa manlju oanhâlden op fertinking fan de hannel yn drugs. De twa, in man fan 41 jier fan De Harkema en in 23-jierrige Ljouwerter, waarden nei in tip troch de plysje oansprutsen. It duo ried fuort en smiet heroïne en kokaïne út de ridende auto. Eefkes letter koene se oanhâlden wurde.
Yn de auto fan de oare fertochte waarden ek drugs en in fjoerwapen fûn. Ien fan de twa hie in soad jild by him. De manlju hienen noch boetes iepen te stean.