Ynbraak yn Dolsterhuzen

21 jun 2014 - 11:03
Ynbraak - Foto: Omrop Fryslân

Yn in garaazjebedriuw yn Dolsterhuzen is fan 'e wike ynbrutsen. Dat wie yn de nacht fan tongersdei op freed. By de ynbraak yn it bedriuw oan de Marwei binne in laptop, jild en in telefoan stellen. Der waard in rút fernield om deryn te kommen. De 59-jierrige eigener hat oanjefte dien.

(advertinsje)
(advertinsje)