Merje foar fôle socht

© ANP
In hynstehâlder yn Damwâld is op syk nei in surrogaat-mem foar syn krekt berne fôle. It bistje kaam tongersdei op 'e wrâld, in dei letter stoar de mem. Freedtenacht is noch besocht de fôle te keppeljen oan in merje út Ermelo, mar dat is net slagge. De hynstehâlder siket dêrom in oare merje dy't geskikt is.
Wa't ien wit, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de hynstehâlder. Dat is Meent Schaafsma út Damwâld. Schaafsma docht ek yn fytsen.