Oargel Easterlittens as nij

It Hardorff-oargel fan de Margarethatsjerke yn Easterlittens stiet wer te pronkjen. De tsjerkeried hat it oargel restaurearje litten en de oplevering waard freedtejûn fierd mei in feestje en oargelmuzyk fan Theo Jellema. De opknapbeurt fan it oargel út 1867 koste in ton. De houten pipen wienen sa ferstoppe of stikken, dat de helte fan de toetsen net mear brûkt wurde koe.
De restauraasje is dien troch de firma Bakker & Timmenga út Ljouwert. Fierder is de kast fan it oargel ferve en der is opnij blêdgoud opplakt