Brêge Koatstertille hast iepen

20 jun 2014 - 17:58

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille kin ein dizze moanne wer brûkt wurde troch frachtauto's. Dat lit Rykswettersteat witte. Oktober ferline jier fear der in frachtskip tsjin ien fan de pylders fan de brêge. Dy waard dêrnei ôfsletten foar swier ferkear.

De kommende dagen wurdt der herstelwurk oan de brêge dien, sadat dy fan 27 juny ôf wer brûkt wurde kin troch frachtauto's. It herstelwurk is dêrmei noch net klear. Nei de boufak moat der ek noch oan de brêge wurke wurde.

Earst as al it herstelwurk klear is, kin de brêge wer betsjinne wurde foar de skipfeart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)