Oerol-ekspo troch skoalbern

20 jun 2014 - 15:07

Skylger basisskoallebern hawwe dizze dagen in eksposysje fan selsmakke bisten yn in museum op it eilân. Dat bart yn it ramt fan it Oerolfestival. De organisaasje betinkt alle jierren wat om de bern fan it eilân by it keunst- en kultuerfestival te belûken.

De bern hawwe fantasybisten makken mei nammen as bygelyks seehaaimin, hammerslang of stikelslangfûgel. Se binne te sjen yn museum 't Behouden Huys op West-Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)