Baggerwurk yn Wergea

20 jun 2014 - 14:18
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Ljouwert warskôget dat boaten yn it sintrum fan Wergea mooglik lêst hawwe kinne fan baggerwurk. Fan moandei ôf wurde de Meanewei en Tweitingersleat útdjippe. Dêrom farre der baggerskippen yn de wetters.

Dy wetters wurde net ôfset, mar boatsjefarders moatte wol rekken hâlde mei it wurk.

Trefwurden: 
Wergea baggerje
(advertinsje)
(advertinsje)