Undersyk nei drugssmokkel

20 jun 2014 - 14:04

De plysje ûndersiket oft in skip dat tongersdeitenacht yn beslach naam is op it Waad brûkt wurdt foar ferfier fan drugs. It skip waard ûnderskept yn 'e buert fan Skiermûntseach. Op it eilân sels binne twa minsken oanhâlden dy't mooglik wat mei de saak te krijen hawwe.

Fanwege it ûndersyk wol de plysje der op dit stuit net mear oer sizze.

Trefwurden: 
drugs Skiermûntseach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)