Frou tsjin winkel oan drukt

20 jun 2014 - 13:14
Foto: Henk Stoelwinder

In automobilist hat freedtemoarn by de C1000 oan de Badwei op De Gordyk in frou oanriden en har yn de foarkant fan de winkel drukt. Dat barde by it achterútriden. It slachtoffer kaam fêst te sitten tusken de auto en de winkel. Se is mei ferwûnings oan de skonken nei it sikehûs brocht. It winkelfront rûn grutte skea op.

De plysje meldt dat der gjin ynstoartingsgefaar is. De winkel is gewoan iepen.

Trefwurden: 
ûngelok De Gordyk C1000
(advertinsje)
(advertinsje)