Balkons portykflats ûnfeilich

De gemeente Ljouwert ropt de ferienings fan eigeners fan goed sechtich portykflats yn Ljouwert op om de konstruksje fan de balkons te ûndersykjen. Ut ûnderhâldswurk fan wenningkorporaasjes docht bliken dat net alle balkons fan portykflats boud tusken 1950 en 1970 oan de feilichheidsnoarmen foldogge. It gefaar jildt ek foar balkons fan partikuliere portykflats dy't yn dy tiid boud binne.
De gemeente hat alle ferienings fan eigeners fan de flats in brief stjoerd mei de warskôging en de oprop om ûndersyk te dwaan.
Fan de bûtenkant is net te sjen oft de konstruksje net mear geef is. De gemeente hâldt op 30 juny in ynformaasjejûn.